SwimFun sân wiken ticht foar ferbouwing

21 maaie 2018 - 09:07

Subtropysk swimbad SwimFun op 'e Jouwer is fan tiisdei ôf sân wiken lang ticht. Stichting De Stiennen Flier begjint dan mei de folgjende faze fan de renovaasje fan it swimbad. De klaaikeamers en de flier yn it swimbad wurde fernijd. Fierder wurde it ljocht en lûd yn SwimFun oanpast.

It swimbad lûkt alle jierren sa'n 200.000 besikers. De sporthal SportFun bliuwt ûnder de ferbouwing gewoan iepen.

(advertinsje)
(advertinsje)