Foarstellings Oerol ôfsein

22 jun 2012 - 10:10

Fanwege it waar binne tongersdeitejûn twa foarstellings op it Oerolfestival op Skylge net trochgien. Twa oare foarstellings moasten foar de ein earder ophâlde.

It KNMI warskôge tongersdei foar needwaar, mar luts dy warskôging yn 'e jûntiid wer yn. It die bliken dat it wol wat tafoel mei de tongerbuien. Der binne gjin meldings út de provinsje kaam oer oerlêst troch it minne waar.

Trefwurden: 
Oerol
(advertinsje)