Hússiking yn Harns nei drugsfangst yn Spanje

21 maaie 2018 - 07:53

Nei it oantreffen fan 15 ton hasj op in skip by Alicante yn Spanje, hat de plysje ôfrûne freed in hússiking dien yn in wenning oan de PWA Cort van der Lindenstraat yn Harns. Ek in hûs yn it Siuwske Tholen waard ûndersocht. Der binne trije Nederlanners oanhâlden, ûnder wa mooglik ek in man út Harns.

Oft der fertochte saken yn de wenningen oantroffen binne, is net bekend. It skip fear ûnder Nederlânske flagge foar de kust fan Alicante. De fertochten sitte yn Alicante yn de sel.

Trefwurden: 
hússiking Harns drugs Alicante
(advertinsje)