Kollum: "Wat de boer net ken"

21 maaie 2018 - 08:20

"Minister Arie Slob wie ôfrûne wike op besite by in boerepleats yn Bathmen. Dat die er tegearre mei de bern fan groep 6 fan de basisskoalle út it doarp. Nei ôfrin wie de minister wakker entûsjast oer de reaksje fan de bern op alle bisten dy't se sjoen hiene en de ferhalen dy't se heard hiene. Dêrom kaam Slob mei de konklúzje dat tenei alle bern mar nei in buorkerij moatte.

"Mijn grootvader was boer", fertelde de minister. "Daardoor kwam ik als kind regelmatig op een boerderij. Maar tegenwoordig zijn er steeds minder kinderen die dat kunnen zeggen. Daarom is het heel goed dat schoolkinderen af en toe de kans krijgen om er rond te kijken en te horen wat er gebeurt."

Leuk en aardich allegear, mar bêste Arie, net allinnich skoalbern ha gjin idee wat der op in boerepleats allegear bart. Ek folwoeksenen ha gjin flau benul wêr't harren molke, ierappels of fleis weikomt. No makket dat op himsels net sa folle út, salang't se harren dan ek mar net mei it boerelibben bemuoie. Mar der is ien lyts groepke fan dy folwoeksenen dy't dat wól docht. Dus kinne wy net better begjinne mei ferplichte lessen op de buorkerij foar de minsken dy't op it plús sitte yn Den Haag?

Yn plak fan skoallebern fyn ik it in folle better idee om de ministers, steatssekretarissen en amtners út de Earste en Twadde Keamer alle jierren nei in boerepleats te stjoeren. In ferplichte wurkbesite wannear't se beëdige wurde. Want de ôfrûne jierren binne der safolle besluten naam oer boeren dy't kant noch wâl reitsje, omdat se dêr yn Den Haag gjin inkel idee ha fan hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet op in buorkerij.

Neffens my hat mear as de helte fan de Earste en Twadde Keamerleden noch noait in overal oan hân om op de boerepleats te sjen. Datselde jildt trouwens foar in besite oan in boubedriuw, in fersoargingstehûs of in skoalle. Fansels, se binne wolris op skoalle west om harren bern op te heljen of yn it fersoargingstehûs om harren beppe in boskje blommen te bringen. Mar echt sjen hoe't it der op de wurkflier om en ta giet, tsjin hokker problemen meiwurkers oanrinne? Nee, dêr ha se gjin tiid foar.

Fan dêr myn foarstel om alle amtners út Den Haag in ferplichte meirinwike te jaan yn de sektor dêr't se alle dagen yn harren wurk mei te krijen hawwe. Sa moat Carola Schouten, nota bene sels boeredochter, mar ris in wike op paad mei boeren dy't troch de fosfaatrjochten dupearre wurde. En Ank Bijleveld moat mar ris in survivaltraining dwaan mei al dy mariniers dy't tenei yn plak fan nei Doorn hielendal nei Seelân moatte. En lit Hugo de Jonge mar ris in wike meirinne yn ferskate soarchynstellings. Ik bin benijd oft se oan de ein fan de wike noch itselde oer harren besluten tinke as no.

Sa'n ferplichte staazjewike bart fansels sûnder de kamera's der by. En wichtiger noch: sûnder sa'n ferfelende parsewurdfierder dy't der mei de noas boppe-op stiet om alle wurden fan de ministers te wikken en te wegen. It wurdt gjin promoasjefideo bedoeld foar de stimmelûkerij. Nee, gewoan de lakskuon of hege hakjes in wike lang út en de learzens of wurkskuon oan. Efkes mei de fuotten yn de klaai om te sjen wat der no wier spilet. Want 'wat de boer niet kent, dat vreet hij niet'. Mar 'wat de minister niet kent, dat speet hem niet'."

(advertinsje)