Syktocht nei fermist bemanningslid op Noardsee smyt neat op

21 maaie 2018 - 06:46

De Kustwacht hat sneintenacht op de Noardsee om 'e nocht socht nei in fermist bemanningslid. Westlik fan Teksel wie in man oerboard slein fan in keapfardijskip. Om 2.00 oere binne se ophâlden mei sykjen om't de persoan net mear yn libben wêze kinne soe. Om 19.30 oere sneintejûn sloegen de oare bemanningsleden alarm oer de fermissing. It bemanningslid wie om 15.00 oere hinne foar it lêst sjoen.

De KNRM socht mei trije rêdingsboaten en der is in helikopter ynset.

(advertinsje)