Earste fytsers binne al op 'en paad by Fytsalvestêdetocht

21 maaie 2018 - 06:24

De earste fytsers binne pinkstermoandei al betiid begûn mei har tocht by de alve Fryske stêden del. Lykas altyd wie de start om 5.00 oere yn Boalsert en dêr sille se ek wer finishe. It startskot is jûn troch Maarten van der Weijden, Olympysk kampioen lange ôfstânswimmen. Yn groepen geane de mei elkoar 15.000 fytsers fuort foar de 235 kilometer. De lêste fytsers meie om 8.00 oere fuort. It is de 82ste edysje.

En watfoar waar wurdt it?

Alle fytsers har der prachtich waar by, it bliuwt drûch, net al tefolle east- oant noardeastewyn, wynkrêft 4, en de sinne komt derby. It kin wol 24 graden wurde. De organisaasje warskôget dielnimmers foar de waarmte en seit minsken goed te drinken en har goed yn te smarren.

Folgje de dielnimmers

Fansels folget Omrop Fryslân de hiele tocht en fia in liveblog komme alle nijsgjirrige saken foarby.

Fan 8.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Timo Jepkema op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan. Ferslachjouwer Simone Scheffer mei har soan Bartele fytse op de tandem. Sa no en dan komt se yn de útstjoeringen foarby om te fertellen hoe't it giet.

Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe't de fytsers oankomme yn Boalsert en hoe't it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

(advertinsje)
(advertinsje)