LIVEBLOG: Fytsalvestêdetocht 2018

14.679 riders stappe op dizze pinkstermoandei wer op de fyts foar de 235 kilometer lange Fytsalvestêdetocht. Moandeitemoarn sette de tocht yn Boalsert útein mei it startskot fan swimmer Maarten van der Weijden. Yn dizze liveblog hâlde wy dy op de hichte fan alle nijtsjes dy't foarby komme op social media en in seleksje fan de hichtepunten fan telefyzje. Fansels kinst de Fytsalvestêdetocht ek fia de livestream hjirboppe sjen.
Sjoch hjir de útstjoering fan hjoed (oant 18:00 oere) werom
22:52 oere: De dei rint oan syn ein. De Fytsalvestêdetocht fan 2018 sil de boeken yngean as in tocht dy't goed te dwaan wie. Moandeitemoarn betiid waard it startskot dien troch swimmer Maarten van der Weijden.
Mei temperatueren tusken de 20 en de 25 graden wie it waarm, mar net hyt. De wyn wie foar guon fytsers wol wat in probleem, mar yn fergelyk mei oare jierren hie it ek in stik minder wêze kind. Yn de rin fan de middei joech de wyn him ek nochris del, wêrtroch't de tocht nei Boalsert ta krekt wat minder dreech wie as earst.
De organisaasje seit dat der dit jier mear falpartijen plakfûn hawwe as ferline jier. Dit soe te krijen hawwe kinne mei de waarsomstannichheden, mar de groepen fytsers skoden yn it ferrin fan de dei ek yninoar. Om fiif oere middeis hinne wiene der noch mar twatûzen fan de yn totaal 14.679 fytsers oer de finish kaam.
Under oare troch it waarme waar, wiene de wetterpunten op de rûte hiel drok. Der stiene flinke rigen en op guon plakken wie mar ien wetterpunt oansletten.Dit kaam neffens de organisaasje troch in kommunikaasjeflater.
De tocht hie ek dit jier in pear tige bysûndere dielnimmers. Sa fytste Wiebe Tolsma fan Frjentsjer de tocht dit jier alwer foar de 60ste kear, en tikten Jan Terbraak en Akke van der Werf tegearre de 100 kear oan. Akke fytste de tocht 44 kear, Jan fytste al 56 kear.
20:55 oere: Omrop Fryslân wie op pinkstermoandei rêder yn need mei syn eigen Omrop Fytsbân bus. Yn rekôrtiid waarden dielnimmers mei lekke bannen en oare euvels wer op wei holpen om sa rjochting de finish yn Boalsert te kommen. En dêr wiene wy fansels ek mei in kamera by...
20:35 oere: In bysûndere dielnimmer moandei oan de Alvestêdetocht is miskien by in protte minsken ûngemurken foarbyfytst. De nije ambassadeur foar de VS yn Nederlân, Pete Hoekstra, hat de tocht ek folbrocht.
19:51 oere: Wiebe Tolsma fan Frjentsjer is oankaam yn Boalsert. En noch altyd yn styl! Hy docht foar de 60e kear mei. Sjoch ek de fideo hjirboppe.
17:03 oere: It bliuwt noch lang waarm jûn, seit waarman Piet Paulusma. It bliuwt de kommende oeren noch sa'n 21 graden yn de provinsje. Mear oer it waar op www.omropfryslan.nl/waar en daliks om 18:10 oere op TV.
16:45 oere: Stephan Rekker fan de organisaasje lit oan Omrop Fryslân witte dat der mear falpartijen binne as ferline jier. De slachtoffers ha benammen bonkebreuken, foar safier as de organisaasje it no sjen kin. Ek de biezemwein hat ik drok, mar it is noch net te sizze hoe't dat komt. Om 16:45 oere wiene der noch 'mar' 2.000 dielnimmers binnen.
15:23 oere: Drylts set de dylnimmers fan de Fytsalvestêdetocht ekstra yn it sintsje.
15:01 oere: Hjoed dielt it promoteam fan Omrop Fryslân fytsbellen út. En dy wol elkenien wol ha. By de Hegemedekdweilers rûn it in bytsje út de hân yn Snits, mar al dizze toeters en bellen byinoar makket fêst moai wat muzyk!

13.57 oere: Der binne ek in soad bûtenlânske fytsers dy't spesjaal foar de Fystalvestêdetocht nei Fryslân komme. Sa ek de 'Koerskoeien': in freonegroep fan 30 manlju út België. Ferslachjouwer Afke Boven trof de groep yn Aldemardum.
13.04 oere: Fansels moat der goed iten en dronken wurde troch de fytsers mei dit waar. Yn Winsum helpe se mei en diele se fruit út.
12.58 oere: in soad minsken hawwe ûndertusken it paad werom fûn nei Boalsert. Op it plein kinne minsken in kopke sop krije en efkes skoft hâlde.
12.35 oere: De measte minsken hawwe Ljouwert berikke kinnen en ride no op nei Boalsert.
12.07 oere: De fytsers krije fansels allinnich in Alvestêdekrúske wannear't sy in folle stimpelkaart presintearje kinne. Foar guon minsken kin dat noch wolris in probleem wurde...
11.40 oere: It is rêstich by de EHBO-post yn Dokkum. Der tocht ferrint sûnder ynsidinten.
11.20 oere: Kollega Simone Scheffer is yn Ljouwert oankaam. Sy fytst op in tandem mei har soan Bartele. Simone har freon Willem hie ûnderweis in ûngelokje op de fyts. Doe't er syn apel fuortgoaide, gong er ûnderút. Gelokkich hat Willem, op wat materiële skea nei, neat oan de fal oerholden. De fal wie ek op byld:
10.35 oere: De dielnimmers oan de Fytsalvestêdetocht meie op syn meast 25 kilometer yn de oere fytse. Om te soargjen dat de fytsers harren dêr oan hâlde, is yn Dokkum de earste tiidskontrôle. Fierder moast de rûte flink oanpast wurde, om't de merk opnij ynrjochte wurdt. Guon fytsers reitsje hjirtroch it paad bjuster, om't sy weromgeane nei de âlde rûte. It feit dat der te min wetterpunten binne, komt troch in kommunikaasjeflater neffens de organisaasje.
10.22 oere: De stimpelposten hawwe it drok mei sa'n soad fytsers op 'en paad. Dat leveret yn Holwert in lytse opstopping op. Gelokkich makket de muzyk in soad goed.
10.00 oere: En ja: maleur heart der sa no en dan ek by...
9.46 oere: Der is in opfallend leech tal minsken thúsbleaun dizze Fystalvestêdetocht. Mei-elkoar 14.679 dielnimmers binne oan de tocht begûn seit alvestêdefoarsitter Stephan Rekker. Ek op de rûte ferrint alles goed; op in beblette knibbel nei.
9.35 oere: Under oare troch it waarme waar, binne de wetterpunten op de rûte hiel drok. Der steane flinke rigen en op guon plakken is mar ien wetterpunt oansletten.
8.36 oere: Ferslachjouwer Aukje de Hoop trof Jan ter Braak en Akke van der Werf yn Dokkum. It pear út Hoogeveen hat tegearre al 100 kear de tocht fytst. Akke fytste de tocht 44 kear, Jan fytste al 56 kear. Om dat sjen te litten ha se beide in giel hoeske oer de helm hinne mei samen 100 x derop.
8.22 oere: Ek de lêste groep fytsers is op 'en paad. Undertusken sit ferslachjouwer Simone Scheffer al oan de kofje yn Holwert.
8.004 oere: Ferslachjouwer Timo Jepkema en kameraman Ronald Talsma ride fan stêd oant stêd om de toch yn byld te bringen foar de minsken thús.
7.58 oere: Warkum makket him op foar de tûzenen fytsters.
7.38 oere: Wykagint Kroes regelet fan 'e moarn it ferkear yn Holwert. Deputearre Sander de Rouwe genietet fan de Fytstalvestêdetocht en wie der al ier en betiid by.
7.20 oere: Ek de taskôgers binne der al betiid by. Hjir by Frjentsjer.
6.30 oere: De organisaasje stimpelet mar wakker raak en de earste groep fytsers komt oan yn Harns.
6.00 oere: Neffens waarman Piet Paulusma wurdt it hjoed perfekt fytswaar: in soad sinne en lekker waarm. Der stiet in matige wyn út it easten/noardeasten en dat kin op de fyts wat ferkuolling jaan.
5.00 oere: Ald-Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden iepenet de 82ste Fytstalvestêdetocht mei yn startskot yn Boalsert. De earste fytsers sette útein mei de fytstocht op pinkstermoandei.
4.54 oere: De earste groep fytsers stiet te wachtsjen oant se fan start meie. Ek kollega's Simone Scheffers en har soan Bartele Boersma dogge dit jier wer mei op de tandem. Sy sille binne te folgjen yn har tocht op radio en telefyzje fan 8.00 oere ôf.
4.00 oere: De frijwilligers krije in lêste briefing fan de organisaasje.