Persoan oerboard op Noardsee: rêdingsboat Skylge alarmearre

De rêdingsboat fan Skylge © KNRM
Ferskate stasjons fan de KNRM binne sneintejûn alarmearre troch in melding fan in persoan dy't oerboard slein is op de Noardsee, sa'n hûndert kilometer noardwest fan Skylge. It giet om in persoan dy't oan board fan it bulkskip de 'Seastar Endeavour' wie. De Kustwacht is in sykaksje start nei it bemanningslid.
Under mear in rêdingsboat fan de KNRM op Skylge waard alarmearre. Ek is in SAR-helikopter oproppen. De Kustwacht ropt skippen yn 'e omjouwing op ekstra op te letten op it oerboard sleine bemanningslid.