'Grut DNA-ûndersyk Vaatstra'

22 jun 2012 - 09:30

Der moat in grutskalich DNA-sibbenûndersyk komme om de moardner fan Marianne Vaatstra op te spoaren. It iepenbier ministearje yn Ljouwert freget it kolleezje fan prokureurs-generaal dêrom.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de kâns grut is dat de dieder út de regio komt dêr't Marianne wenne en yn 1999 om it libben brocht is. It giet om De Westereen en Feankleaster. Yn it rêchsekje dat se by har hie, is in oanstekker fûn dêr't yntusken fan dúdlik wurden is dat dy yn de omkriten fan De Westereen en by in tabakssaak yn Ljouwert ferkocht waard.

Plysje en iepenbier ministearje freegje de kommende wiken de ynwenners fan de regio hoe't sy tinke oer sa'n grut DNA-ûndersyk. Mocht dêr tastimming foar komme, dan is it it earste grutskalige DNA-ferwantskipsûndersyk yn Nederlân. Der soe dit jier noch in begjin mei makke wurde kinne.

Neffens DNA-ûndersiker Richard Eikelenboom waard it tiid dat justysje oantrunet op in grutskalich DNA-ferwantskipsûndersyk. Eikelenboom what by it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút wurke en hy hat no syn eigen ûndersyksburo, Independent Forensic Services. Jierren ferlyn trune er by de plysje en justysje al oan op sa'n ûndersyk. Dêr is doe neat mei dien.

Trefwurden: 
Vaatstra
(advertinsje)