De Graafschap fan trainer Henk de Jong wer yn earedifyzje

20 maaie 2018 - 19:10

Fuotbalklup De Graafschap fan trainer Henk de Jong spilet takom seizoen wer yn de earedifyzje. De ploech út Doetinchem wûn snein yn it eigen stadion mei 2-1 fan Almere City FC. Trije dagen earder einige it earste duel yn Almere yn 1-1. De promoasje fan De Graafschap komt nei twa jier fuotbaljen yn de Jupiler League.

Foarich seizoen einige de klup fan assistint-trainer Sandor van der Heide en middenfjilder Mark Diemers as tolfde; dit seizoen as fjirde.

(advertinsje)
(advertinsje)