Toch mear dielname Dragraces

22 jun 2012 - 08:14

Oan de jierlikse dragraces yn Drachten dogge dit jier toch mear minsken mei as dêr't it earder op like. De organisaasje melde in pear wiken lyn noch dat der te min dielnimmers wiene. Dêrom waard de ynskriuwtermyn ferlingd. Uteinlik smiet dat selfs krekt wat mear dielnimmers op as ferline jier: 140.

De dragraces binne freed, sneon en snein op de Airstrip yn Drachten. Der wurdt in soad publyk ferwachte.

Trefwurden: 
dragraces airstrip
(advertinsje)
(advertinsje)