Sijbrandij-en-dy winne haadklassepartij yn Jorwert

© Sjoerd Dotinga
Keatssters Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra hawwe snein yn Jorwert de frouljus haadklassepartij wûn. Yn de finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra.
Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum pakten de tredde priis op it keatsfjild yn Jorwert.