VV Hearrenfean noch net degradearre nei winst op Achilles

De fuotballers fan VV Hearrenfean hawwe sneintemiddei in flinke thúsoerwinning boekt. Tsjin de nûmer lêst, Jong Achilles '29, waard mei leafst 6-1 wûn. Dat betsjut dat de Feansters noch net kânsleas binne yn de striid tsjin degradaasje. Doelpuntemakkers foar VV Hearrenfean wienen Han van Dijk (twa kear), Kevin Regts (twa kear), Peter de Vries en Thom van Lingen.
VV Hearrenfean kin noch omheech op 'e ranglist; yn de lêste spylronde sil de beslissing falle oft de ploech streekrjochte degradaasje út de sneinshaadklasse foarkomme kin.
Snits Wyt Swart
Kompetysjegenoat Snits Wyt Swart spile snein mei 2-2 lyk tsjin Alphense Boys. Yn Alphen aan den Rijn skoarden Visser en Velds foar de Snitsers.