Noppert yn twadde ronde ûnderút op Players Championship

20 maaie 2018 - 15:53

Darter Danny Noppert is sneintemiddei yn de twadde ronde fan it tolfde Players Championship ûnderútgien. De Jouster ferlear yn Milton Keynes mei 6-5 fan Jose Justicia út Spanje. Noppert stie 5-3 foar tsjin Justicia, mar liet de Spanjert weromkomme oant 5-5. Yn de beslissende leg miste Noppert wedstriidpylken en smiet syn tsjinstanner út. Yn de earste ronde waard noch wol ôfrekkene mei Justin Pipe; dy wedstriid einige yn 6-3 foar Danny Noppert.

Ein maaie is it folgjende evenemint dêr't de Jouster darter oan meidocht. Dan wurdt yn Frankfurt am Main de kwalifikaasje spile foar twa Europeeske toernoaien yn Gibraltar en Kopenhagen.

(advertinsje)