FIDEO: Dronebylden grutste motortreffen Noard-Nederlân

20 maaie 2018 - 13:57

Mear as 330 motors kamen tongersdeitejûn by inoar op de pier by Holwert. Mei in drone binne der bylden makke fan it grutste motortreffen fan Noard-Nederlân. De moeting waard organisearre troch de Fryske Motor Riders. Ferline jier kamen der sawat 150 motorriders op it Fryske treffen op de pier fan Holwert ôf nei in oprop op Facebook, De organisaasje stribbe dit jier nei 300 motors en dat is slagge.

(advertinsje)