Film fan Roel van Dalen oer 11Fountains te sjen op NPO

20 maaie 2018 - 11:36

Filmmakker Roel van Dalen hat in dokumintêre makke oer it projekt 11Fountains, ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd. Hy folge twa jier lang de tarieding fan de fonteinen, de bûtenlânske keunstners en de argewaasje dy't de fonteinen bytiden yn Fryslân oprôpen. Hy frege kabaretier Jan Jaap van der Wal (berne yn Ljouwert) om in foarstelling te meitsjen en ferwurke stikken dêrfan yn syn film.

It earste (fan trije) diel is sneintejûn om 20.20 oere te sjen op NPO2. De folsleine film giet tongersdei 24 maaie yn premjêre yn tal fan bioksopen yn Nederlân.

(advertinsje)