Hast 6.000 dravers by Loop Leeuwarden

De start fan de alfde edysje fan Loop Leeuwarden © Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
Yn Ljouwert wurdt snein foar de tolfde kear de Loop Leeuwarden hâlden. Sa'n seistûzen minsken drave ferskate ôfstannen. Se starte en finishe allegear op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Minsken kinne 5 of 10 kilometer drave. Fierder is der in heale maraton. Bern hawwe har eigen ôfstannen. Der binne ek kuiertochten.
Loop Leeuwarden is in inisjatyf fan de Stichting Gezonde Stad Leeuwarden. It evenemint waard earder organisearre ûnder de namme 'Marathon van Leeuwarden'.