Koninklijke Landmacht komt nei Snits

© Omrop Fryslân
De Koninklijke Landmacht komt mei de lânmachtdagen dit jier ek nei Snits. No sneon komme der sa'n 20 militêren fan it 44ste Pantserinfanteriebataljon fan de kazerne yn Havelte nei it Martiniplein yn de stêd. Sy fertelle oer harren wurk en misjes. Der stean ek ferskate militêre weinen op it Martiniplein.
It is de fiifde kear dat de Koninklijke Landmacht op dizze wize it lân yngiet om foarljochting te jaan. By de lânmacht wurkje goed 17.000 beropsmilitêren en 3.000 reservisten.