Annemaaike Bakker oer De Stormruiter: "Ik ha der sin oan!"

22 maaie 2018 - 08:05

De Stormruiter is ien fan de grutste produksjes yn dit jier fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De 100.000 kaarten foar dit muzykteäterspektakel yn Ljouwert wienen hiel rap ferkocht. 

Wêr giet De Stormruiter oer?

It ferhaal fan De Stormruiter is basearre op de Dútske roman 'Der Schimmelreiter' en giet oer it libbensferhaal fan dykgraaf Hauke Haien (spile troch Jelle de Jong), dy't yn 1750 in dyk bouwe liet op It Bilt om Fryslân tsjin it wetter te beskermjen. Fan sigeuners krijt hy in skimmelhynst, dy't syn frou Elke (spile troch Annemaaike Bakker) brûkt om in nij hynsteras te fokken.

Hoe is it mei de tarieding foar De Stormruiter? We freegje it oan Annemaaike Bakker, ien fan de haadrolspilers. Se is yn 1985 yn Ljouwert berne, studearre oan de toanielskoalle en Kleinkunstacademie yn Amsterdam, wurke by ferskate toanielgroepen en spile yn tal fan films en telefyzjesearjes. Sûnt 2012 is se yn tsjinst by Theater Bremen yn Dútslân.

Noch in pear moannen en dan begjint De Stormruiter, begjint it al te kribeljen?
"Jawis, in jier lyn lei der al in earste ferzje fan it skript, mar Jos Thie (regisseur, red.) hat der de ôfrûne tiid fierder oan wurke. Ik haw no krekt in nije ferzje lêzen. Dêrtroch komt it tichteby en krijst ideeën oer de personaazjes en oer sênes."

Hoe fier binne jimme al mei de tariedingen? 
"Jos Thie is dêr al hiel fier yn. En ek oan bygelyks kostúms, dekôr en technyk wurdt no al wurke of wurdt alles al taret. Ik kin my no ynlêze, begjinne mei it tekstlearen (as it skript klear is) en ik folgje hynsterydlessen. Mar myn echte wurk begjint fansels as ik op de repetysjeflier stean en wy de skreaune tekst ta libben bringe sille. Ik repetearje op dit stuit ek noch by Theater Bremen foar in stik, de musical 'Lazarus' fan David Bowie. Dat giet op 9 juny yn premjêre. Dêrnei is myn holle frij om my hielendal te rjochtsjen op De Stormruiter."

In belangryk ûnderdiel yn de foarstelling is fansels it Fryske hynder, kinst al ride?
"It giet hieltyd better. Ik koe hielendal net hynsteride. Sûnt dizze winter ha ik lessen. It wurdt hieltyd leuker om't ik it mear ûnder de knibbel krij."

Hoe kombinearrest de tariedingen foar De Stormruiter mei dyn oare wurk?
"Ferskate stikken tagelyk spylje en repetearje bin ik wend yn Dútslân. De Stormruiter kostet in soad tiid en komt no as ekstra wurk op my ta, mar oan de oare kant is hynsteride wurk en frije tiid tagelyk."

Hast de hynders al moete dêr'tst mei wurkje silst? Wannear bart dit?
"Dat komt noch. Ik bin hiel benijd. Foarearst ryd ik op it leafste en meast geduldige Fryske hynder fan Bremen, Ewald. Hy wie neffens my sa no en dan in bytsje yn de war fan my, om't ik nochal gaoatysk oanwizingen joech."

Moatst ek noch nei Frankryk om by Théâtre du Centaure te oefenjen?
"Nee, dat hoecht net. Dat is belangriker foar it personaazje dat Jelle de Jong spylje sil."

Wannear begjinne de repetysjes?
"Ein july begjinne we mei repetearjen."

Alle foarstellingen wienen gau útferkocht, leit dat ek in druk op dy?
"Doe't it ynienen útferkocht wie, tocht ik wol even: elkenien hat al kaarten en ik ha noch noait op in hynder sitten! It is echt te gek dat it hielendal útferkocht is. Ik ha der sin oan dat safolle minsken it sjen sille. Mar as dat net sa west hie, hiene we likegoed ús bêst dien. Yn dat opsicht is de druk net grutter. De druk is der gewoan altyd. En dat is ek hielendal gjin minne saak."

Wêr sjochst it meast nei út?
"Ik sjoch der nei út om mei myn nije kollega's te spyljen. En mei Jos Thie wurkje liket my te gek. Hy is ekspert yn dit soarte fan grutte teäterprojekten. En ik ha ek in hiel soad sin om mei in band te sjongen." 

Kinne wy dy tenei faker yn Fryslân sjen?
"Foarearst sil ik nei De Stormruiter wer yn Dútslân spylje. Mar der binne safolle moaie projekten yn Fryslân, dat ik graach faker it ritsje oer de grins meitsje. As taskôger en wa wit, oait ek wer om sels op de planken te stean."

Fryske hynders

In oare haadrolspiler is Ellen ten Damme, en ek de Fryske akteurs Freark Smink, Joop Wittermans, Klaasje Postma, Lourens van den Akker en Hilbert Dijkstra dogge mei. En mar leafst hûndert Fryske hynders spylje in belangrike rol yn it stik. 

(advertinsje)