Kelvin de Ruiter sterkste man fan Fryslân

20 maaie 2018 - 10:24

Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is sneon winner wurden fan de spesjale edysje fan 'De sterkste man fan Fryslân', organisearre troch âld-Dryltser Wout Zijlstra en Stichting IJlst 750. De Ruiter hold Johan Lanhorst fan Snits en Arno Louwsma fan Bitgum efter him yn it einklassemint.

De dielnimmers moasten ûnder oare in frachtwein lûke, beamstam tille en stiennen tille. Hans Kramer fan Snits wie de sterkste junioaredielnimmer.

(advertinsje)