Epke krijt syn eigen elemint

21 jun 2012 - 22:26

Turner Epke Zonderland krijt syn eigen turnelemint. De 'Zonderland'-technyk is in unike technyk op it tastel brêge dy't er by in wedstriid yn Gent sjen liet. De sjuery krige tongersdei út Amearika de befestiging dat it elemint op de list komt te stean.

Dat is bysûnder, want normaal komt in elemint yn de turnsport net earder op de list as nei in súksesfolle útfiering op in WK of de Olympyske Spelen. It giet om in 5/4-draai oer ien earm fan ien lizzer ôf. Epke Zonderland sil de technyk op de Olympyske Spelen ek sjen litte.

Trefwurden: 
Epke Zonderland elemint
(advertinsje)
(advertinsje)