Mûne draait nacht lang troch

Frijwilligers fan de Stichting Molens in Menameradiel soargje der foar dat de mûne fan Marsum yn de nacht fan tongersdei op freed trochdraait. Pas moarns om seis oere hâlde se der mei op.
De ludike aksje wurdt hâlden om oandacht te freegjen foar dizze en oare mûnen fan de stifting. Der kamen tongersdeitejûn al aardich wat minsken op ôf. Dy krigen in rûnlieding en antwurd op al har fragen oer de mûne.