Rombout Breedveld as earste oer finish Alvestêde Ultrarin

Rombout Breedveld út Amsterdam is sneintemoarn om 9.20 oere as earste Alvestêde-ultrarinner oer de einstreek yn Boalsert kaam. Hy die 22 oeren en 13 minuten oer de 230 kilometer by de alve stêden del.
Dat wie earder as ferwachte, de organisaasje hie tocht dat de winner wol 24 oeren nedich ha soe. It wie noch wol pittich mei de kjeld fan ôfrûne nacht. Neffens Sonny Teunissen, assistint-racelieder, wie it sân graden. Fan de 39 dielnimmers binne no noch in lytse tweintich oer. Dat betsjut dat de helte útfallen is. "We gingen ervan uit dat een derde de finish zou halen, dus we zijn superblij." Dravers foelen út mei ferskate klachten, lykas blessueres, lêst fan de mage of "het lijf wilde niet meewerken."
Bêste Fries wie Ljouwerter Stefan van der Pal, hy kaam as twadde binnen, om 11.52 oere. De start wie sneontemoarn om 11.00 oere yn Boalsert.