Liet International 2018 XXL mei mar leafst 14 dielnimmers

20 maaie 2018 - 07:52

Op Liet International 2018 XXL steane dit jier mar leafst 14 acts. Dat is sa'n fiif mear as gewoanwei. It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen is in Frysk inisjatyf en waard foar it earst organisearre yn 2002, yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 bart dit ûnder it beskermhearskip fan de Ried fan Europa.

De 12de edysje fan Liet International is woansdei 23 maaie yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Ferskate talen wienen noch net earder by Liet International te hearren. Foar Fryslân docht de winner fan Liet mei, Stonecrobs.

De folsleine list fan Liet International 2018 XXL en de taal dêr't se yn sjonge:

- Afro-Carib Ensemble (Sranan Tongo, Surinaamsk)
- Billy Fumey (Frankoprovensaalsk)
- Evgenia Udalova (Komi)
- Familia Caamagno (Galisysk)
- Gerda Stevenson & Kyrre Slind (Skotsk)
- Inger Karoline Gaup & band (Samysk)
- Jenne Decleir (Antwerpsk)
- Luko Reinders (Frysk)
- Nastasia Zürcher (Galisysk)
- Pira (Aromaansk)
- Stonecrobs (Frysk)
- The Rowan Tree (Kornysk)
- Whyte (Skotsk-Gaelysk)
- Zaman (Basjkyrsk)

Guon dielnimmers spylje ek op oare plakken, lykas yn talepaviljoen MeM yn de Prinsetún, by NHL Stenden Hogeschool en yn de stedsbussen fan Arriva.

Liet International lûkt alle jierren in soad media - fan BBC oant Al Jazeera - en is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. Yn 2017 wie de lêste edysje fan Liet International yn Kautokeino, by de Sámi yn it noarden fan Noarwegen.

(advertinsje)