Biste-aktivisten oppakt by fiering Kallemooi op Skier

Op Skier ha sân biste-aktivisten sneontejûn let besocht har fêst te meitsjen oan de 20 meter lange mêst dy't brûkt wurdt foar Kallemooi. Yn dy mêst komt in koer mei dêryn in hoanne. It bist bliuwt trije dagen yn de koer oan de mêst. Neffens de aktivisten hat it bist dêrûnder te lijen. Seis fan de sân aktivisten binne oppakt.
De plysje seit dat de seis oanhâlden binne, om't se op it terrein kamen dêr't de mêst mei de hoanne stie. It terrein wie om feilichheidsredenen ôfset mei stekken. Net ien mei it terrein op. De seis fertochten binne heard en krije in boete.
De aktivisten litte witte dat se trochgeane mei har striid om't se fine dat dizze foarm fan dieremishanneling foar fermaak ophâlde moat.
Al jierren is der argewaasje oer Kallemooi. Foarstanners wolle fêsthâlde oan de tradysje mei Pinkster en sizze dat de sûnens fan de hoanne goed yn de gaten hâlden wurdt.