Klassemintslieder Hobma wint ek fierljeppen yn Drylts

19 maaie 2018 - 21:54

Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn it fierljeppen by de senioaren yn Drylts wûn. Hobma, dy't dit jier al twa fan de trije wedstriden wûn hat en dwaande is oan syn lêste seizoen, ljepte mei 20.07 meter nei de deiwinst. Op it twadde plak einige Ysbrand Galama fan Warkum mei in ôfstân fan 19.79 meter. Bobby Zwaagman, dy't dit seizoen oerkaam is fan de junioaren, waard tredde mei 18.18 meter.

Hiske Galama

By de froulju gie de winst nei Hiske Galama fan Snits. Sy ljepte nei 13.32 meter. Sigrid Bokma fan Hylpen einige op de twadde posysje, mar kaam kwa ôfstân like fier as Galama. Boukje de Boer fan It Heidenskip pakte it tredde plak mei 13.05 meter.

Famkes

Fardau van Akker fan Suwâld wie de bêste by de famkes. Sy hie in winnende ôfstân fan 13.69 meter en kaam dêrmei fierder as winner Hiske Galama by de froulju. Bente Vlas (13.26) en Femke Rispens (13.15) einigen as twadde en tredde by de famkes.

By de junioaren wûn Freark Kramer mei 18.11 meter, foar Wietse Nauta (17.19) en Feike Stellingwerf (16.81). Rutger Haanstra wûn by de jonges mei 16.84 meter, foar Abe-Luuk Stedehouder (14.27) en Stefan Douma (13.98).

(advertinsje)
(advertinsje)