Alvestêde Ultrarin: noch 36 dielnimmers yn de race

19 maaie 2018 - 21:18

Der binne sneontejûn noch 36 ultrarinners yn de race fan de Alvestêde Ultrarin troch Fryslân. Oant no ta binne der trije útfallers; ien dielnimmer is net begûn oan de meunstertocht. De hurdrinners binne it hiele wykein te folgjen fia GPS. De earste hurdrinners binne no op it trajekt tusken Dronryp en Boalsert bedarre.

Utfallers

De útfallers binne Menno van Bruggen fan Lunteren, Jenni de Groot fan Ljouwert en Klaas van Heeringen fan Hurdegaryp. Van Heeringen is ien fan de betinkers fan de 11-stêde Ultrarin. Hy is útstapt om't hy tefolle lêst hat fan syn knibbel. Jeni de Groot is ek in ferneamd ultrarinster. Sy rûn ûnder oare dwers troch de Feriene Steaten en fan Bari nei de Noardkaap. Sy is útstapt om't se lêst hie fan har ljisk.

Ynternasjonale dravers

Der dogge dravers mei út ûnder oare België, Nederlân, Ingelân, Frankryk, Dútslân, Sweden en Japan. De Alvestêde Ultrarin is sneontemoarn fan start gien yn Boalsert. De dielnimmers drave 230 kilometer efterinoar. Se moatte yn alle gefallen binnen 32 oeren oer de finish komme, de fluchsten dogge dat binnen 24 oeren.

De finish fan de Alvestêde Ultrarin is ek wer yn Boalsert. Underweis binne der trije strange tiidskontrôles. Wa't net op tiid trochkomt, moat syn startnûmer ynleverje.

(advertinsje)