Sterke man Jitse Kramer twadde yn Súd-Afrika

19 maaie 2018 - 21:11

Jitse Kramer út Ljouwert is sneon yn Súd-Afrika twadde wurden op it ûnderdiel sterke man by de Arnold Classic. Dat is ien fan de grutste toernoaien op it mêd fan de krêftsporten, mei meardere dissiplinen. Foarich jier behelle Kramer op itselde toernoai yn Súd-Afrika ek in twadde einklassearring.

Kramer stie lange tiid op in dield earste plak, mar moast yn it klassemint Jean-Francois Caron boppe him duldzje. De Amerikaanske Jerry Pritchett einige op it tredde plak.

Trefwurden: 
Jitse Kramer Sterkste Man
(advertinsje)
(advertinsje)