Teätrale kuier 'Yn it skaad fan de toer' folslein útferkocht

23 maaie 2018 - 06:02

De teätrale kuier 'Yn it skaad fan de toer' is folslein útferkocht. Dit wykein set dizze foarstelling fan 'Under de toer' fan Kulturele Haadstêd útein. It giet oer it geroft dat Antsje van Uijlenburg yn 'e tsjerke fan Ryptsjerk begroeven leit. Antsje is de âldere suster fan Saskia van Uylenburg, de frou fan Rembrandt van Rijn. De Uylenburgs hienen yn de santjinde iuw in bûtenferbliuw yn Ryptsjerk.

Begroeven yn Ryptsjerk

It ferhaal giet dat Antsje yn de tsjerke fan Ryptsjerk begroeven leit. De koster fan de tsjerke soe de stien yn 1930 ferlein hawwe, om't minsken dêr oer stroffelen. Der leit no in houten flier. Der is nea offisjeel ûndersyk dien, wêrtroch it geroft noch hieltyd bestiet. Der wurdt flink op los spekulearre. Want soe Rembrandt syn skoansuster in skilderij meijûn hawwe op har lêste reis?

Utferkocht

De kaarten foar de kuier binne al útferkocht. Wol binne der noch kaarten foar konserten fan de Poalske band Kroke, dy't yn it ramt fan de foarstelling Ryptsjerk oandocht. Kaarten foar de foarstelling yn oktober binne der noch wol.

(advertinsje)
(advertinsje)