Ofdieling Minnertsgea wint NK junioaren yn Frjentsjer

19 maaie 2018 - 17:40

De 105e edysje fan de Jong Nederlân Partij yn Frjentsjer is sneon wûn troch de ôfdieling Minnertsgea. Op de keatspartij, ek wol it NK junioaren neamd, pakte it partuer fan Wesley Vriesema, Herre de Vries en Marten Bergsma de winst. Yn in spannende finale wûn Minnertsgea mei 5-5 en 6-6 fan de winners fan foarich jier, de ôfdieling Seisbierrum/Pietersbierrum. Op dy stân pleatste Bergsma in sitbal tsjin Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Pieter van der Schoot.

De tredde priis wie foar it partoer fan Bitgum, dat partuer ferlear yn de heale finale fan de ferliezend finalisten. Foar de keatsers út Minnertsgea wie it de fjirde kear dat se de partij yn Frjentsjer wûnen. Earder dienen se dat yn 2000, 2002 en 2004.

(advertinsje)