Punt foar Harkemase Boys yn Harderwijk

19 maaie 2018 - 16:36

Harkemase Boys hat sneontemiddei yn Harderwijk in punt oerhâlden oan it duel mei VVOG. It waard úteinlik 1-1, troch doelpunten fan Frank Hol en Yannick Kaluzi. Hol wie al nei trije minuten ferantwurdlik foar de iepeningsgoal fan VVOG. Nei in mindere begjinfaze kaam Harkemase Boys yn de earste helte stadichoan better yn de wedstriid.

Dochs moast de ploech oant de 69ste minút wachtsje op in doelpunt. Kaluzi spile doe Koornberg út en notearre de lykmakker. Yn dy stân kaam yn de slotfaze fan de wedstriid gjin feroaring mear.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal VVOG
(advertinsje)