ONS Snits hurd ûnderút tsjin kampioen Spakenburg

19 maaie 2018 - 16:25

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneontemiddei op it eigen Sudersportpark ferlern fan SV Spakenburg. De gasten wiene mei 4-0 te sterk foar de Snitsers en dêrmei hat Spakenburg ek it kampioenskip yn de tredde difyzje feilich steld. Yn de fiifde minút makke Olivier Pilon al it earste doelpunt foar de besikers. Tsien minuten letter notearre oanfierder Philip Thies de twadde treffer.

Nei it skoft makke Spakenburg dien wurk. Yn de 74ste minút skoarde Pilon syn twadde goal fan de wedstriid en dêrnei wie Tom van der Neut ferantwurdlik foar de einstân fan 4-0. Troch it ferlies fan ONS binne de Snitsers noch net feilich fan direkte hanthavening yn de tredde difyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)