Botsing mei meardere auto's op N381 by Easterwâlde

19 maaie 2018 - 16:19

By in slim ûngelok op de N381 by Easterwâlde binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. Troch noch ûnbekende oarsaak klapten op syn minst trije auto's op elkoar. Ien fan de auto's rekke troch de klap yn 'e sleat. Meardere minsken sieten fêste yn har auto. Sy moasten der troch de brânwacht út helle wurde.

In spesjaal plysjeteam hat ûndersyk dien op it plak fan it ûngelok. Fanwege it ûngelok wie de N381 in skoft yn beide rjochtingen ôfsletten. De auto's moasten fuortsleept wurde.

(advertinsje)