Wethâlder Schaafstal stapt op
PvdA-wethâlder Rik Schaafstal fan Kollumerlân hat tongersdeitejûn by de riedsgearkomste syn ûntslach yntsjinne. Yn syn ôfskiedsbrief jout hy oan dat hy tinkt dat der net genôch draachflak is foar syn belied. It giet dan benammen om de kadernota dêr't gjin besunigings yn opnommen binne foar sosjale saken.
De koälysjegenoaten CDA en VVD hâlde him dêr ferantwurdlik foar. Schaafstal is fan 2002 ôf wethâlder yn Kollumerlân en hat yn dy tiid ferskillende portefúljes hân.
Op it stuit stekt hy in soad tiid en enerzjy yn de ûntmanteling fan gearwurking mei Tytsjerksteradiel en it opsetten fan gearwurking mei Dongeradiel en Dantumadiel op it mêd fan sosjale saken. Dat is ien fan de redenen dat der net besunige wurde kin op dy post.