Helptsjinst foar mantelsoarger

03 nov 2011 - 10:02

Minsken dy't yntinsyf soargje foar in sike neiste, kinne tenei har ferhaal kwyt by in spesjale telefoanyske helptsjinst foar mantelsoargers. Partoer set sa'n helptsjinst op en krijt dêrfoar jild fan it Oranjefûns. Ek wurdt gearwurking socht mei de telefoanyske helptsjinst fan Sensoor. Doel is dat de helptsjinst troch de wike alle jûnen berikber is en op sneon en snein op de middei. Yn jannewaris set Partoer útein mei it sykjen fan frijwilligers.

(advertinsje)