Nijbou Haaima en Burger King

21 jun 2012 - 19:40

Autobedriuw Haaima bout in folslein nije garaazje op yndustrieterrein de Hemrik yn Ljouwert. It nije gebou komt mei in festiging fan Burger King op de âlde fjilden fan FVC. It giet om in opfallende lokaasje oan it wetter dy't goed te sjen wêze sil as men fan de Aldlânsdyk oer de brêge de Hemrik oprydt. Der wurdt in aparte ôfrit foar makke. It giet om in ynvestearring fan tusken de trije en fjouwer miljoen euro.

De ferhuzing smyt foarearst gjin ekstra banen op, mar moat wol soargje foar behâld fan de besteande wurkgelegenheid.

De Burger King festiging soe sa'n 30 banen opsmite kinne.

(advertinsje)