Learlingen súdlike gemeenten fergees nei opera De Jouwer

20 maaie 2018 - 08:31

Om learlingen fan it fuortset ûnderwiis entûsjast te meitsjen foar it muzyksjenre opera, dielt de organisaasje fan Stichting Go! Opera fergeze kaarten út. Op 17 juny wurdt op De Jouwer yn de iepenloft yn Park Herema State de opera Queen Arthur opfierd. It stik giet oer de midsiuwske kening Arthur. Yn it stik komt trijehûndert jier operaskiednis oan bar, yn in modern jaske.

Learlingen fan skoallen yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren dy't hjir hinne wolle, kinne har oanmelde. Betingst is wol dat de learlingen nei de foarstelling komme ûnder begelieding fan in learkrêft.

Trefwurden: 
Opera ûnderwiis foarstelling
(advertinsje)