Provinsje wol witte wat âlden fan Taalkado fine
De provinsje siket heiten en memmen dy't tusken 2016 en no by de oanjefte fan harren bern op it gemeentehûs it Taalkado krigen hawwe. Dêryn sitte Fryske boekjes en cd's mei ferskes en ek ynformaasje oer meartalich grutbringen. De provinsje wol witte wat minsken fan it Taalkado fine.
Op de webside fan de provinsje stiet in koarte enkête. Minsken dy't meidogge, kinne in VVV-bon winne.