Slûs oan Snitser Aldfeart troch fandalen bûten gebrûk

19 maaie 2018 - 13:42

De slûs oan de Snitser Aldfeart krekt ûnder Snits hat in pear dagen bûten gebrûk west, om't fandalen de lier, bekabeling en oare rustfrijstielen ûnderdielen stellen hienen. Boaten út de rjochting fan Loaiïngea, Goaiïngea en Offenwier koenen net fierder en moasten omfarre oer de Tersoalstersyl.

In âldizerhanneler út Ljouwert krige de lier oanbean. It ûnderhâldsbedriuw fan de gemeente hie de tip krigen dat it materiaal dêr lei en ha it werom frege. Op in pear saken nei is alles wer op it âlde plak ynstallearre. Guon saken moasten neimakke wurde. Neffens in meiwurker fan it ûnderhâldsbedriuw hat de opbringst net mear west as in pear bankjes. "Al dy muoite foar sa'n bytsje jild, idioat soks."

Neffens buertbewenners is it net de earste kear dat der fernielingen binne. Se kleie al skoften oer oerlêst fan hingjeugd. Dy hingje faak om by de slûs of ûnder de brêge flakby de slûs. Dat soarget foar in soad lûdsoerlêst. Se fine dat de gemeente Súdwest-Fryslân folle better tafersjoch hâlde moat.

De slûs is yntusken wer makke.

(advertinsje)