Fonteinen meitsje dei nei offisjele iepening soad los

De fonteinen dy't freed offisjeel iepene binne, meitsje in soad los yn Fryslân. Tsien fan de alve fonteinen binne foar it earst oanset, dy fan Dokkum is noch net klear. By de mistfontein yn Ljouwert wie it sneontemoarn al in drokte fan belang. In soad minsken makken in foto fan de twa grutte wite bernehollen yn 'e mist.
By de fontein yn Starum is in ''schuimpartij'' sa twitteret it Stavers Krantsie. De fontein mei de grutte fisk hat in soad skûm yn 'e bek. Fierder falt op Twitter te lêzen dat in Dútske toerist freed de gemeente Harns belle, om't er in walfisk yn 'e haven lizzen seach. De fontein yn Harns is in replika fan in echte walfisk. Hy is 18 meter lang.