Strjitfuotbal op Aldehoustertsjerkhôf

Oeral yn Fryslân wurdt sneon wer fuotballe, mar net allinnich op de sportfjilden. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is it Nationaal Street Festival. Minsken út it hiele lân dy't yn de maatskiplike opfang sitte, dogge yn 40 teams mei oan de strjitfuotbalkompetysje. Ek binne der ferskillende workshops en aktiviteiten foar dielnimmers en besikers.
De sportdei is in inisjatyf fan Stichting Life Goals Nederland. Fjouwer kear yn it jier wurdt it evenemint ergens yn Nederlân hâlden. De dielnimmers wikselje op de sportdei ferhalen út, meitsje nije freonen en komme yn kontakt mei de bewenners fan de stêd. De dielnimmers binne allegear kwetsber en wolle mear grip op harren libben krije. Troch te sporten mei mekoar, wurde dak- en thúsleazen, flechtlingen, minsken dy't ferslave binne, jonge memmen of betize minsken stimulearre om te trainen. Se ha no wat om nei ta te wurkjen.
René van Rijswijk
Ald-Cambuurspiler René van Rijswijk is ambassadeur fan de sportdei. Hy is dêrneist ek skout en siket tegearre mei de trainers fan de teams nei dielnimmers dy't net allinnich goed fuotbalje, mar ek op sosjaal flak in ûntwikkeling trochmakke ha. Ut elke stêd wêr't de strjitfuotbalkompetysje hâlden wurdt, sille minsken selektearre wurde foar it nasjonale team. Sy dogge yn novimber mei oan de Homeless World Cup yn Meksiko.
Stichting Life Goals Nederland wurket gear mei ûnder oare soarchynstellingen en sportferieningen.