200 Jier maritym ûnderwiis yn Harns

Op 7 desimber 1818 jout Pieter Kallenborn syn earste les oan de skoalle foar Wis- en Seefeartkunde yn Harns. Yn syn húskeamer 13 learlingen fan ferskillende leeftiden en mei ferskillende praktykûnderfiningen. Se krigen fjouwer jûntiden les yn bygelyks trijehoeksmjittingen en astronomyske navigaasje. De seefeartskoalle wie oprjochte op inisjatyf fan de pleatslike ôfdieling fan it Nut, Maatschappij tot Nut van het Algemeen, in organisaasje dy't it belangryk fynt dat ûnderwiis foar elkenien berikber is. Dit sosjale aspekt is oant de dei fan no werom te finen op de Maritime Akademy Harns. Learlingen fan de seefeartskoalle leare net allinne navigearjen op see, mar ek navigearjen yn it libben.
Troch it goeie ûnderwiis fan master Kallenborn groeide de skoalle. Nei ferrin fan tiid waarden ek net-Harnzers talitten en waard de jûnsoplieding in deioplieding. Nei de oplieding kamen jonges mei harren stjoermansdiploma 'Grote Zeil- of Stoomvaart' telâne by in Harnzer reder en dat betsjutte simmerdeis hout helje yn Skandinavië. Wa't fan wat mear aventoer hâlde, luts nei Amsterdam om te farren op Azië of Noard- en Súd Amearika.
Mei troch de opkomst fan oare seefeartskoallen, lykas dy op Skylge en Flylân, mar benammen ek omdat der in grutte krisis is yn de ynternasjonale seefeart, rint it tal learlingen healwei de 19de iuw werom. De skipfeart feroaret om 1900 hinne bot: seilskippen wurde op see ferfongen troch stoomskippen. Houten boaten wurde ferfongen troch izeren. It ûnderwiis feroaret mei.
De skoalle hat it bytiden dreech hân en yn 1934 falt sels it doek foar de skoalle foar Wis- en Seefearkunde yn Harns. Dit om't der gjin learlingen mear binne en dat hat alles te krijen mei de grutte ynternasjonale krisis yn it bankwêzen en de wrâldekonomy nei de Earste Wrâldoarloch. It betsjut gelokkich net de ein fan it skipfeartûnderwiis yn Harns, want der is yntusken ek in binnenfeartjûnsoplieding oprjochte. Yn 1958 wurdt de Oranje Nassauskoalle iepene, in fuortsetting fan de âlde seefeartskoalle. Fan dan ôf beskikt de skoalle oer in ynternaat.
De hiele skiednis fan it seefeartûnderwiis yn Harns is útsocht troch histoarikus Jurjen Leinenga en troch him fêstlein yn it boek "Leren Navigeren - 200 jaar Maritiem onderwijs in Harlingen", dit boek wurdt takom tongerdei preisntearre.
Arjen Mintjens fertelt yn de útstjoering wat dizze wike oan aktiviteiten binne yn ferbân mei it jubileum. Ald-learlingen kinne har noch opjaan foar de reüny kommende sneon.
It radioprogramma Buro de Vries hat snein rom omtinken foar de seefeartskoalle yn Harns. Njonken skriuwer Jurjen Leinenga binne te gast: âld-boatsman Bote Visser, âld-learling Harmen Brouwer en direkteur Arjen Mintjes.