Filmrjochten Redbad al oan fjirtjin distributeurs ferkocht

19 maaie 2018 - 10:14

De rjochten fan de film Redbad binne al oan fjirtjin distributeurs ferkocht. Dat seit de Fryske filmprodusint Klaas de Jong. De film is lêsten op it filmfestival yn Cannes oankocht troch distributeurs yn Ingelân en it eardere Joegoslavië. Earder wienen de filmrjochten al ferkocht oan Amearika en lannen yn it Midden-Easten. "It is hiel ûngebrûklik dat de rjochten fan de film al ferkocht wurde foar't de film überhaupt klear is. En hielendal foar in Nederlânske produksje is dat hiel bysûnder," fertelt De Jong grutsk. De film is dus oankocht troch fjirtjin distributeurs, mar sil yn mear lannen te sjen wêze. "In film foar de Baltyske Steaten of it Midden-Easten wurdt ferspraat nei folle mear lannen."

Earnewâld

Redbad giet oer de Fryske kening Redbad (Radboud), dy't yn de betide midsiuwen mei help fan de Fikingen striid fierde tsjin kristenen dy't it leauwe mei hurde hân oplei yn de lege lannen. Oan de film ha ek goed 600 figuranten en 150 hynders meidien. Opnamen foar de film binne ûnder oaren makke by De Alde Feanen by Earnewâld.

"Op dit momint binne wy dwaande mei de lêste wurksumheden. De film sels is klear, mar no moat de muzyk en it oare lûd derby. Dêr binne wy de kommende wiken noch wol goed drok mei." De film Redbad is op 28 juny foar it earst yn Nederlân te sjen.

(advertinsje)