Utdaging: binnen 32 oeren de alve stêden by del drave

De Alvestêde Ultrarin is sneon fan start gien yn Boalsert. De 39 dielnimmers drave 230 kilometer achterinoar. Se moatte yn alle gefallen binnen 32 oeren oer de finish komme, de fluchsten dogge dat binnen 24 oeren.
Der dogge dravers mei út ûnder oare België, Nederlân, Frankryk, Dútslân, Sweden en Japan. Julius van der Werf út Ljouwert draaft ek mei. Hy hat al in pear lange runs achter syn namme stean, mar sa lang as de Alvestêde Ultrarin hat hy noch net dien. Neist him komme noch fiif dielnimmers út Fryslân, en sels in Fries om utens út Hongkong. De hurdrinners binne de hiele tocht te folgjen fia GPS.
De finish fan de Alvestêde Ultrarin is ek wer yn Boalsert. Underweis binne der trije strange tiidskontrôles. Wa't net op tiid trochkomt, moat syn startnûmer ynleverje.
Sneon om 23.00 oere moatte se yn Ljouwert wêze, dan ha se der 100 kilometer opsitten. Sneintemoarn om 08.00 oere is it mjitpunt yn Spannenburch op 160 kilometer. As de dravers net foar de tiid by dizze kontrôleposten binne, is de tocht oer. De finish is om 19.00 oere. Wa't nei dizze tiid binnenkomt, wurdt net mear klassearre. De priisútrikking folget om 20.00 oere yn De Groene Weide.