Plysje set yn op bestriden fan cybercrime

19 maaie 2018 - 08:43

Yn Ljouwert binne de measte foarmen fan kriminaliteit it ôfrûne jier ôfnaam. Dat docht bliken út de plysjesifers dy't de gemeente Ljouwert freed presintearre. Der binne minder ynbraken, drugsoerlêst en oerlêst fan jongerein. Oan de oare kant liket it der op dat in part fan de kriminaliteit ferskoot nei saneamde cybercrime. Dêr is noch net goed sicht op.

By cybercrime giet it om kriminele aktiviteiten op ynternet, bygelyks it hacken fan gegevens of it achterheljen fan ien syn wachtwurden om allerhanne guod te bestellen. De plysje set hjir mear en mear op yn, ek yn Ljouwert. Sy binne mei in projekt begûn dat him rjochtet op alles, fan previnsje oant it oplossen fan saken. Dêrfoar moatte plysjeminsken bytiden noch wol wat ekstra leare om ek de 'digitale boef' pakke te kinnen.

Trefwurden: 
plysje cybercrime Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)