Protest op Lyceum Drachten

21 jun 2012 - 18:21

De learlingen fan it Drachtster Lyceum hawwe tongersdei aksjefierd tsjin it ûntslach fan de gymnastykdosint. Se hawwe in spandoek ophongen yn de kantine, mar dat waard nei 30 sekonden wer fuorthelle, yn opdracht fan in teamlieder. De learaar jout al mear as 20 jier les op de Drachtster skoalle en is tige populêr by sawol learlingen as kollega's.

De direksje fan de skoalle hat de âlders ôfrûne tiisdei op de hichte steld fan it feit dat de man net mear lesjaan sil, mar joech dêrby gjin tekst en útlis. Dat soe te krijen hawwe mei de privacy.

(advertinsje)
(advertinsje)