Atletykferiening Lionitas krijt lang om let sprintbaan

21 maaie 2018 - 08:00

Atletykferiening Lionitas út Ljouwert krijt lang om let de sprintbaan dêr't se sa lang op wachtsje moatten ha. Oant twa kear ta waard de nije baan útsteld om't it kolleezje de plannen fan de klup net sitten seach. Mar no is der dan einliks goed nijs. Oer it asfalt komt in nije keunststoflaach en boppedat krijt de baan der twa leanen by. Dêrmei hat Lionitas ynkoarten in sprintbaan mei acht leanen en foldocht de klup oan de easken dy't der steld wurde om wedstriden te organisearjen.

Foarsitter Kees van Anken is bliid dat de nije baan der komt. Dochs hat er in dûbel gefoel oerholden oan it hiele ûnderhannelingstrajekt mei de gemeente. Trochdat de nije baan sa lang op him wachtsje liet, seach de klup it ledetal weromrinnen. Sa'n 30 leden seine harren lidmaatskip op. De foarsitter hopet dat de nije baan nei de simmer klear is. De klup betellet dêr foar in part oan mei, de gemeente Ljouwert docht it oare part.

(advertinsje)