Kollum: "We libje yn in bysûndere tiid"

"Dizze wike liet It Fryske Gea-direkteur Henk de Vries ús yn in filmke op in âlderwetske flipover yn in pear streken mei in reade filtstift sjen dat it min giet mei de ynsekten. Neffens him is de fijannige omjouwing der de skuld fan dat it ek yn de troch it Gea behearde natuergebieten net goed giet.
Op deselde dei lies ik in stik op de side fan it Dagblad van het Noorden. Dêr skreau de sjoernalist it ferhaal op fan Diny Zwart út Mantinge. Mantinge leit tusken Emmen en Hoogeveen, midden tusken in stik as wat natuergebieten fan Natuurmonumenten. Ik ken Diny Zwart net, mar se wie frij helder yn har bewurdingen. Se ferhaalde oer it Mantingerveld, neffens Nartuurmonumenten ien fan de moaiste stikken heide fan Drinte. Frou Zwart wennet al fjirtich jier yn dat gea en seit dat Natuurmonumenten der mei skuldich oan is dat it sa min giet mei de ynsekten. Ik sitearje even in stikje.
''Eerder leefde er nog van alles in het Mantingerveld. Niet alleen een enorme variatie aan insecten, maar ook grutto's, kieviten en leeuweriken. Sinds Natuurmonumenten ruim 20 jaar geleden aan de slag is gegaan, is de fauna zienderogen afgenomen. Ook het Hullenzand, destijds een prachtig natuurgebied in de landbouwenclave, moest eraan geloven. Ook dat is niet meer wat het was'', verzucht Zwart. En nu uit onderzoek blijkt dat het slecht gaat met de insecten, wijst Natuurmonumenten de boeren als schuldige aan. Ze moesten zich schamen. Ik volg alles in het Mantingerveld op de voet. Natuurmonumenten is zelf debet aan de afname van de insecten. Dat hebben de ontwikkelingen in het Mantingerveld wel aangetoond.''
Twa ferhalen. Beide troch minsken dy't it bêste mei ús lânskip foar ha. Mar wa hat no gelyk? Kinne je dy fjirtich jier mei eigen eagen monitoarjen fan je leefomjouwing troch frou Zwart samar fuortstreekje tsjin de miening fan direkteur De Vries fan in natuerorganisaasje? Dat liket my wat koart troch de bocht, jim ek net?
Dizze wike waarden de earste skiep yn Fryslân deabiten troch in wolf. Guon biologen op de radio seinen jubeljend dat de weromkomst fan de wolf in teken is dat it goed giet mei de natuer yn Nederlân. Gewoane minsken sizze dat der tefolle wolven yn Dútslân binne en dy sykje ûntwyk. Hoe dan ek, as myn lângeiten, dêr't ik hartstikke wiis mei bin, hjoed of moarn dea yn it lân lizze, moat ik bliid bliuwe en tinke dat it machtich is dat de wolf hjir wer omspaant?
Hoe kin it dat oan de iene kant de needklok let wurdt en oan de oare kant minsken de flagge útstekke mei in wolvekop der op? Beide troch lju dy't miene dat se doel oer de natuer ha? Sizze jo it mar. Ald foaroanman fan LTO Noord, Jaap Haanstra, is der wol klear mei. Hy seit yn in brief:
Blijkbaar vermoorden we nu weer alle insecten, een andere keer zijn het weidevogels of gebruiken we kankerverwekkende glyfosaat. Wat er ook gebeurt de landbouwsector krijgt het op zijn bordje. Overigens zijn het meestal hele vage of indirecte, soms zelfs fout gezochte, conclusies. Zo werd recent bekend dat de zwaluwen nu vol gif zouden zitten. Men zou eerst eens moeten kijken welke stoffen het zijn, en dan pas moeten kijken naar de gebieden waar ze overwinteren. De stoffen die gevonden worden in de vogels, worden namelijk al decennialang niet meer gebruikt in Europa.
Sa misliedend kin nijs dus wêze.
En wat binne de spearpunten om ús regio yn de takomst op de kaart te setten? We wolle de Formule 1 nei Assen helje. Ien fan de meast miljeufersmoargjende sporten dy't der is. Dus oan de iene kant roppe en raze we dat it sa min giet mei ús omjouwing, oan de oare kant lobbye ynfloedrike noarderlingen om in freeslik fout feestje te fieren.
Ik neam dat: jildwolven.