Friezen weagje har oan Bertsolaritza-fenomeen

Ut de bleate holle muzikaal dichtsje en rymje. En dat direkt neidat je in opdracht krije wêr't it oer gean moat; sa soene je it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen útlizze kinne. Yn Ljouwert is freedtejûn nei it fertoanen fan in dokumintêre (Fryslân Dok) oer it fenomeen besocht om dêr in Fryske fariant fan yn it libben te roppen.
Bertsolaritza hat in soad betsjut foar de Baskyske taal en identiteit. It is tige populêr en hat in lange tradysje. In groepke Friezen wie yn it iepenbier dwaande om dat tsjil op 'e nij, op syn Frysk, út te finen. De meast logyske wize om dat te dwaan, is om minsken út te nûgjen it poadium op te stappen en gewoan te begjinnen. Dat slagge prima, want der wie behoarlik wat animo en de sfear like eins al behoarlik op wat der yn Baskelân bart, sa sei Bask om utens Henrike Olasolo dy't yn Amsterdam wennet. Hy wie spesjaal foar dizze gelegenheid nei Ljouwert ôfreizge.