Doarpsbelang Easterbierrum hat soargen oer keamerferhier

18 maaie 2018 - 22:58

Doarpsbelang Easterbierrum Kleaster-Lidlum hat grutte soargen oer de ferhier fan keamers yn it doarp oan arbeidsmigranten. Dat skriuwt Doarpsbelang yn in brief oan de ynwenners fan de doarpen. It belied fan de gemeente Waadhoeke stelt dat ien prosint fan alle huzen yn it doarp brûkt wurde meie foar keamerferhier.

Neffens Doarpsbelang wurde der yn Easterbierrum op it stuit wol tsien oant fyftjin wenningen brûkt foar ferhier. Doarpsbelang hat de gemeente frege har belied te hanthavenjen.

Rau op it dak

De brief is yn it Nederlânsk, Poalsk en Ingelsk ferspraat. Doarpsbelang jout oan dat it nijs foar arbeidsmigranten dy't op it stuit yn Easterbierrum in keamer hiere 'rau op it dak falle kin'. It fersyk ta hanthavening is dan ek net tsjin dizze minsken rjochte, mar hat as doel it doarp leefber te hâlden.

Doarpsbelang hat noed oer de leefberens fan Easterbierrum. In soad arbeiders dy't in keamer hiere, dogge net mei oan aktiviteiten yn it doarp. Ek bouwe se dêr gjin takomst op, omdat de rest fan harren famylje noch earne oars wennet. Dat taast it doarpslibben oan, sa fynt Doarpsbelang.

(advertinsje)
(advertinsje)